Frânsman wol smokers bewust meitsje fan fersmoargjende peuken op strjitte

29 apr 2019 - 12:35

Yn trije oeren tiid hat de Frânsman Alain Muller, mei tolve frijwilligers, sa'n 50.000 sigarettepeuken fûn. En dat wie allinnich noch mar op it terrein fan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Alain Muller komt út Straatsburg en reizget troch Europa om minsken derop te wizen dat se sigarettepeuken net samar op strjitte smite moatte.

Hy neamt syn projekt Hummingbird, nei de kolibry. Syn idee is om mei lytse saken syn boadskip út te dragen en sa grutte problemen oan te pakken. Neffens him sjogge in soad minsken peuken net as ôffal. It falt him op dat der net folle plastic op de Ljouwerter strjitten leit, mar wol in soad peuken dus. En dy binne like fersmoargjend as plastic. Hy wol minsken dêrop wize.

Neffens him is de sitewaasje yn Ljouwert echt slim. Hy ferliket it mei Frankryk, dêr't in soad minsken smoke, mar minder peuken op strjitte bedarje.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Wat is de oplossing?

Der binne net te min jiskebakken. Sterker noch, it falt Alain Muller op dat der krekt in soad peuken yn de buert fan de ôffalbakken lizze. Hy wol dat minsken har der bewust fan wurde dat peuken fersmoargjend binne en dat se der even in stikje foar rinne moatte om it yn de jiskefetten te smiten, mar dat dat wol de muoite wurdich is.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Alain Muller

(advertinsje)
(advertinsje)