Trossen by de kaden yn Harns moatte katten fan de drinkeldea rêde

Kattetouwen moatte derfoar soargje dat der minder katten fersûpe yn de singels en oare wetters fan Harns. De wâlkanten binne heech yn de singels. As in kat yn it wetter falt, is it ûnmooglik foar it bistje om hâldfêst te krijen om derút te kommen.
Trossen by de kaden yn Harns
Iris Mars ferlear har kat yn it wetter yn Harns. Har kat fersûpte. Se wie lilk en fertrietlik en pleatste in berjocht op de Facebookside Katten vermist. Dêr kamen in hiel soad reaksjes op.

Gemeente is posityf

Ien fan dy reaksjes wie fan Gea Neijsen. Sy hie heard fan kattetrossen en ek begrepen dat der earder alris fraach nei west hie. Se naam kontakt op mei de gemeente om te sjen oft in boargerinisjatyf mooglik wie.
De gemeente reagearre fuort posityf. In boargerinisjatyf wie net nedich, want de gemeente woe fuort wol meiwurkje. As de froulju sels foar de kattetouwen soargen, soe de gemeente se befêstigje.
© Omrop Fryslân
Op Facebook waard in oprop dien om skipstouwen te krijen. De touwen moatte tsjokker as 6 sintimeter en langer as 8 meter wêze. De oprop die fertuten. In oantal Harnzer bedriuwen út de skipfeartbrânsj bea fergees touwen oan en sels in bedriuw út Rotterdam kaam mei touwen. Doe koe der fierdere aksje ûndernaam wurde.
Dizze wike hingje de earste trossen oan de kant, earst as eksperimint. Yn de Zuidoostersingel en it Franekereind komme in pear touwen te hingjen. As bliken docht dat it goed wurket, dan komme der nei alle gedachten op mear plakken sokke rêdingstrossen.
Neffens Peter van der Veen fan de gemeente Harns en Gea Neijsen hat op oare plakken bliken dien dat it befêstigjen fan sokke touwen goed wurket.