Undernimmers pleatse skut om fertutearze bouplak yn Langwar

29 apr 2019 - 12:07

Undernimmers út Langwar pleatse moandei in grut skut om it bouplak oan de Stevenshoek yn it sintrum fan it doarp. It braaklizzende terrein is in stikel yn 'e foet fan de ûndernimmers en it liket nearne nei foar toeristen, sizze se.

De fertutearze hoarekagebouwen yn it eardere suvelfabryk oan de Stevenshoek binne jierren lyn al sloopt om plak te meitsjen foar in appartemintekompleks. De bouplannen foar it kompleks binne lykwols foarearst skrast, om't der net genôch apparteminten ferkocht waarden.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Undernimmer Albert van der Helm út Langwar

Neffens Albert van der Helm, ien fan de pleatslike ûndernimmers, kamen der in soad fragen fan toeristen oer it terrein dat eigendom is fan projektûntwikkeler Cor van Doorn. "Langwar is in prachtich moai plakje en it foldocht oan alle easken fan de toeristen", seit er. "As in toerist binnenkomt en dêr sa'n fertutearze stik grûn sjocht, dan is dat net noflik, leuk en gastfrij. Fandêr dat wy yn oerlis mei de eigener fan de grûn besluten ha om dêr in skut te pleatsen."

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

De ûndernimmers tinke noch nei oer hoe't se de houten platen 'opleuke' sille. "Miskien mei spandoeken of beskilderje litte, sadat it der wat moaier útsjocht", seit Van der Helm. It is noch net dúdlik wat der no fierder mei de grûn gebeure sil.

(advertinsje)
(advertinsje)