Diks en Zeinstra flagje yn heale finale Champions League

29 apr 2019 - 11:11

In moaie oanstelling foar twa Fryske assistint-skiedsrjochters: Erwin Zeinstra en Mario Diks steane woansdei oan de sydline by de wedstriid yn de heale finale fan de Champions League tusken FC Barcelona en Liverpool. Skiedsrjochter is Björn Kuipers.

Foto: www.orange-pictues.nl

Gewoanwei foarmet Kuipers in fêst team mei Zeinstra en Sander van Roekel, mar dy lêste is net beskikber en wurdt ferfongen troch Diks.

De Ljouwerter assistint-skiedsrjochter flagge yn de kwartfinale ek al in wedstriid, doe dy tusken FC Porto en Liverpool. De wedstriid yn de heale finale tusken FC Barcelona en Liverpool wurdt woansdeitejûn om 21.00 oere spile.

(advertinsje)