Ald-SC Hearrenfeanspylster Vivianne Miedema fuotbalster fan it jier yn Ingelân

29 apr 2019 - 10:55

Vivianne Miedema is yn Ingelân útroppen ta fuotbalster fan it jier. De âld-Hearrenfeanspylster fuotballet dêr sûnt 2017 by Arsenal. Se is de earste Nederlânse dy't de priis fan de Professional Footballers' Association krigen hat. Freed waard har ploech al útroppen ta alvetal fan it jier troch it spilersfakbûn yn Ingelân.

Vivianne Miedema - Foto: ANP

De 22-jierrige Miedema spile fan 2011 oant 2014 by de froulju fan SC Hearrenfean, dêrnei gie se nei Bayern München. Mei it Nederlânsk alvetal waard se yn 2017 Europeesk kampioen yn eigen lân.

Miedema's twadde seizoen by Arsenal ferrint tige suksesfol. Se helle in rekôrtal fan 22 doelpunten yn 19 wedstriden en stiet dêrmei boppe-oan de topskoarderslist. Boppedat waard se snein mei har ploech kampioen fan Ingelân.

(advertinsje)
(advertinsje)