"It is in kwestje fan buorden begripe"; Ljouwerter Planetenlaan wurdt werynrjochte

29 apr 2019 - 10:52

De twadde faze fan de werynrjochting fan de Planetenlaan yn Ljouwert is moandei begûn. Earder waard al in rotonde oanlein op de krusing Poolsterweg / Saturnusweg mei de Planetenlaan. No giet de dyk fan de Greunsbrêge ôf oant dy rotonde oer de kop.

Der komt ûnder oare in bettere ûntsluting fan de Mazzelshop en Praxis op de Planetenlaan, yn de foarm fan in ovonde, de oansluting fan de Zuiderkruisweg op de Planetenlaan wurdt oanpast en tenei ha fytsers foarrang op de hiele Planetenlaan.

Hoe giet it mei it ferkear op de earste dei fan de omlieding?

"It is in kwestje fan de buorden begripe en lêze wat der stiet", seit Harold Rakers fan de gemeente Ljouwert. "Minsken sjogge de omliedingsbuorden wol, mar se binne gewoantedieren en tinke as se der oars delkinne, dat dat no ek sa is, mar it kin net en dan komme se foar de stekken te stean."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei Harold Rakers fan de gemeente Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Wêrom wie de oanpassing nedich?

"De verkeersveiligheid en doorstroming van het verkeer zorgde voor grote problemen. Het bedrijventerrein komt uit de jaren zeventig en is inmiddels helemaal volgebouwd en bedrijvigheid", leit Herman Kiestra, foarsitter fan bedriuweferiening De Hemrik út. "Vanuit de vereniging hebben we bij de gemeente aangeklopt met de vraag of we daar samen naar konden kijken om dat te verbeteren en dat heeft geresulteerd in deze plannen."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei Herman Kiestra fan bedriuweferiening De Hemrik

It wurk duorret op syn heechst oant 28 juny. Oerlêst foar it ferkear is beheind ta twa wiken, oant en mei 12 maaie. Ferkear wurdt salang omlaat. De bedriuwen op bedriuweterrein De Hemrik bliuwe berikber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)