Kollum: "Utmolken"

29 apr 2019 - 08:32

"Ofrûne wike waard bekend dat it tal megastâlen yn Fryslân de ôfrûne jierren flink tanaam is. Wiene dat der yn 2010 noch 72, sân jier letter stiet de teller op 115. En om dy sifers makket Wakker Dier him soargen. Skaalfergrutting is neffens harren net goed foar de bisten. Mar ha wy as minsken ek net oeral te krijen mei skaalfergrutting?

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Skoallen, fersoargingstehûzen, gemeenten: alles moat grutter. Oeral sjochst dat lytse doarpsskoaltsjes ticht moatte, sadat der in doarp fierderop in gruttere skoalle ûntstiet. Sa as yn De Tike bygelyks. Dêr driget sluting fan de skoalle, om't der te min bern op sitte. As it oan de koepel leit, giet de skoalle ticht en moatte de bern nei in skoalle yn ien fan de omlizzende doarpen.

Ik ha as bern op in skoalle sitten dy't alle jierren krekt genôch learlingen hie om troch te gean. Ik koe elkenien. Fan groep 1 oant en mei groep 8; ik wist presys wa't broerkes en suskes fan inoar wiene en sels neefkes en nichtsjes. Hoe oars is dat no as ik de bern ophelje fan skoalle. As der ien is dy't swaait en ik freegje de bern: wa wie dat, dan helje se de skouders op. Gjin idee.

Fersoargingstehûzen; itselde ferhaal. Lytsskalige wenfoarmen slute de doarren om plak te meitsjen foar grutte soarchfabriken. De sluting fan De Spiker yn Ternaard is sa'n foarbyld en ôfrûne wike lies ik it berjocht oer Nij Ylostins yn Drylts dat sluten wurde sil. Wêr't dizze minsken hinne moatte, is op dit stuit noch net dúdlik. Mar de kâns dat se yn eigen stêd wenjen bliuwe kinne, is lyts.

Net te ferjitten de skaalfergrutting fan ús gemeenten. Koest foarhinne yn Wommels noch nei it gemeentehûs kuierje om in nij paspoart oan te freegjen, tenei moast nei Snits. Yn Wommels siet dyn buorfrou efter de baly, yn Snits bist in nûmer. In nobody. Ien fan de 84.000 ynwenners fan de gemeente. Wurdst net mear oproppen mei 'Frou Van der Zee?', tenei is it: 'Dingdong; nummer 63'.

En dan makket Wakker Dier him soargen oer de skaalfergrutting yn de lânbou. Neffens harren sitte der in soad risiko's oan de megastâlen. Ik sitearje út it berjocht: "Bij brand of ziekte, treft het direct ontzettend veel dieren. Daarnaast komt dierenwelzijn steeds meer in het gedrang, door de focus op de lagere kosten. Maar het is tegelijkertijd ook heel duidelijk dat er iets niet goed gaat in deze sector. Dat boeren steeds meer koeien moeten hebben om een nette boterham te verdienen en dat er iets goed mis is met de prijs die wij voor melk betalen."

Neffens my kinst dit sitaat ek brûke foar it ûnderwiis, de soarch en de oerheid. Hear mar ris: "Bij brand of ziekte, treft het direct ontzettend veel kinderen. Daarnaast komt het kindwelzijn steeds meer in het gedrang, door de focus op de lagere kosten. Maar het is tegelijkertijd ook een heel duidelijk signaal dat er iets niet goed gaat in het onderwijs. Dat scholen steeds meer leerlingen moeten hebben om een nette boterham te verdienen en dat er iets goed mis is met de prijs die wij voor de toekomst van onze kinderen betalen."

Ferfang de wurdsjes 'bern' en 'ûnderwiis' troch 'âlderen' en 'soarch' en kinst it rideltsje sa op 'e nij opsizze. Of troch 'ynwenners' en 'gemeenten', dat kin ek. Mei oare wurden: skaalfergrutting is net allinnich in probleem yn de lânbou. Sjochst it oeral om ús hinne. Allinnich is der no gjin ien dy't oan de belle lûkt. Wy litte it allegear gebeure.

Heech tiid dat der in stichting Wakker Mens komt, dy't de kont tsjin de kribbe smyt. Want oars wurde wy krekt as dy kij yn sa'n megastâl gewoan útmolken."

(advertinsje)