Boeren meie bermbehear Lemster Brekkenpolder oernimme

29 apr 2019 - 07:39

It behear fan de bermen en sleatten yn de Brekkenpolder by De Lemmer kin wol troch de boeren dêr útfierd wurde. Dat fynt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan gemeente De Fryske Marren.

De berm yn de Brekkenpolder - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Fan wat der meand wurdt, kinne de boeren dan bokashi meitsje. Dat is fermintearre organysk materiaal dat goed is foar de boaiem. Boppedat kin it bermgers brûkt wurde as fretten foar de kij. It lokaal ferwurkjen moat ek minder CO2-útstjit opsmite. It behear moat lykwols wol op in ekologysk ferantwurde wize gebeure.

Oft dat wol slagget, is noch mar de fraach, sa lit boer Cok Schep witte. Hy sil út namme fan de boeren ynkoarten mei de gemeente om tafel oer de kwestje. De boeren binne ferrast troch it rappe beslút, want sy binne sa fier no noch net. Al hawwe sy it de gemeente earder wol oanbean en meane sy no ek al parten fan de bermen, mar krije sy dêr gjin jild foar.

Boer Cok Schep yn de Brekkenpolder - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Cok Schep, boer yn de Brekkenpolder

De boeren fine dat der te lang wachte wurdt mei it meanen, wêrtroch't siedsjes fan de planten út de berm yn de greiden bedarje. Boppedat soene de hege planten min wêze foar de ferkearsfeiligens.

De gemeente jout no foar it ûnderhâld fan bermen en sleatten fan de Brekkenpolder 20.500 euro út yn it jier. De boeren kinne de helte fan dat jild krije om it wurk oer te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)