Soargen yn Sint-Anne oer gefaarlik krúspunt dêr't skoalbern del moatte

Der is noed oer in gefaarlike ferkearssituaasje yn Sint-Anne. By it meldpunt foar ferkearsûnfeilige situaasjes fan Omrop Fryslân kamen in protte meldingen oer de krusing fan de Warmoesstrjitte mei de Nassaustrjitte yn it doarp.
Ferkearsmeldpunt: Krûspunt Sint Anne
De krusing leit oan de râne fan it doarp. Foar de bern fan basisskoalle 't Fonnemint, dy't gauris nei gymnastyk rinne, smyt it gefaarlike mominten op. Neffens direkteur Margriet Leeuw fan de basisskoalle ride de auto's fierstente hurd it doarp yn en lûke de auto's foar it krûspunt al op nei 80 kilometer it oere, as se it doarp út wolle.
Rianne Bleeker, dy't oan it krúspunt wennet, sjocht ek gefaarlike situaasjes. Foaral fytsers ha it dreech, seit se. Se kinne hast net oerstekke.
In oplossing soe wêze kinne om it krúspunt sichtberder te meitsjen troch in sebrapaad oan te lizzen en de snelheid werom te bringen nei 30 kilometer yn 'e oere.
De gemeente Waadhoeke komt takom jier mei in ferkearsplan. It krúspunt yn Sint-Anne wurdt der ek yn meinaam.
Direkteur Margiet Leeuw fan basisskoalle 't Fonnemint yn Sint-Anne
Minsken koene oant 22 april ferkearsûnfeilige situaasjes melde by Omrop Fryslân. Dat hat yn totaal 734 meldingen opsmiten.