Minnertsgea wint Bangmapartij yn 'flaterfestival': "We moatte wer even wenne"

28 apr 2019 - 20:52

Nettsjinsteande hiel wat flaters yn de earste omlopen wûn it ôfdielingspartoer fan Minnertsgea snein yn Weidum de earste haadklassepartij fan it jier. "We hiene wat opstartproblemen", joech Hendrik Kootstra fan it winnende partoer ta. "Mar de lêste partijen giene folle better." Yn de finale wûn Minnertsgea mei 5-1 en 6-2 fan Bitgum.

Ien fan de partijen wêryn't Minnertsgea it dreech hie, wie yn de twadde omloop tsjin Sint-Jabik. "Myn maat Bauke hat my even holpen", laket Kootstra. Hy hat it oer Bauke Triemstra fan Sint-Jabik, dy't yn dy partij flink wat flaters makke. By de frijeformaasjepartijen sitte Kootstra en Bauke Triemstra byinoar yn it partoer.

Wer even wenne

"Mar wy diene ek net oars", seit Kootstra. "Wy holden Mantgum yn de partij (heale finale, red.) we holden Ljouwert yn de partij (tredde omloop, red.). It wie in 'foutenfestijn' eins." Yn de wedstriid tsjin Mantgum liet Minnertsgea de tsjinstanners weromkomme fan 4-1 oant 4-4. "Dat lei oan de konsintraasje, tink ik. It is it begjin fan it seizoen en we moatte wer even wenne."

Foto: Henk Bootsma

Kootstra seach Ljouwert, mei Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Hans Wassenaar, as favoryt. Dochs hat Minnertsgea mei Kootstra, Marten Bergsma en Hylke Bruinsma ek grutte nammen. "Mar Hylke is eins opholden, hin? Hy keatst noch in pear kear mei foar de lol, om fit te bliuwen foar ús." Uteinlik wûn Minnertsgea de slach mei Ljouwert yn de tredde omloop: 5-3 en 6-6. "Marten hie se der even goed foar en Hylke hie syn paadsje ek mear as skjin."

Yn de finale hie Minnertsgea gjin muoite mei Bitgum. "Doe wiene we foar it earst omtrint flaterleas. In pear misserkes, mar foar de rest hartstikke goed." Kootstra is bliid dat it seizoen wer begûn is. "Ik ha der hartstikke folle sin oan. Sok waar, mei de rein, makket my ek neat út. Wy keatse, dat is prachtich."

Bitgum: twad wie maksimaal helbere

Neffens Paul Dijkstra fan ferliezend finalist Bitgum wie it twadde plakje it maksimaal helbere. "It is skande, mar as je de finale sjogge: sy wiene folle better." Dochs hie it noch wol oars rinne kinnen, tinkt Dijkstra. "By it earste buordsje stiene we mei 6-2 foar. As we dy winne, dan rint it miskien wol oars. Mar Marten sloech ek 'vliegend' op."

Dijkstra, dy't mei Yannick Hielkema en Tjisse Steenstra keatste, is bliid mei hoe't de dei ferrûn: "It gong goed. Yanniek en ik diene ús ding. En Tjisse is hartstikke goed fansels, hy pakte de punten foaral." Steenstra naam Dijkstra en Hielkema oan de hân. "Wy fielden ús dêr goed by", fertelt Dijkstra. "Hy is ek hiel posityf, dus dat makket ús ek better."

(advertinsje)
(advertinsje)