Jierlikse pleach: Ofslútdyk sjocht swart fan de michjes
Se binne der wer: de miljarden 'dûnsmiggen' yn it westen fan ús provinsje. Op de Ofslútdyk sjocht it swart fan de miggen, mei hiele wolken dy't út de bistjes besteane. Ek de kanten fan it Wadden Center binne bedutsen mei de miggen.
Njonken it Wadden Center sitte slûzen en hûzen ûnder de bisten, dy't likernôch in sintimeter grut binne. Dûnsmiggen binne ûnskuldige ynsekten dy't net stekke, lykas de neefkes. Besikers fan it Wadden Center ha wol lêst fan de miggen. En mei de auto oer de Ofslútdyk smyt al gau hûnderten deade miggen op de auto op.
Wêrom hjir?
De Fryske kant fan de Iselmar is in ideale omjouwing foar michjes om har fuort te plantsjen, seit Jan Schram fan It Fryske Gea. "Dat komt troch it lege wetter en de grutte hoemannichte slyk." De wyfkes lizze yn it slyk de aaikes, sân wike letter komme dy út en dêrnei fleane de michjes út. De michjes libje mar trije dagen, mar om't de wyfkes oant wol 3.000 aaikes lizze, ûntstiet der yn de regio in gigantyske populaasje miggen.
"Je kinne dus wol sizze dat de bistjes in suksesformule hawwe om nettsjinsteande har koarte libben, dochs foar in enoarm neiteam te soargjen", seit Schram. De michjes binne dan ek in wichtige boarne fan iten foar in grut ferskaat oan bisten, sa as fûgels, fisken, kikkerts en salamanders.