Gemeentebelangen Hearrenfean siket nei oplossing foar behâld frouljusfuotbal

28 apr 2019 - 19:13

Gemeentebelangen Hearrenfean nûget alle riedsfraksjes út foar in gearkomste mei fertsjintwurdigers fan it frouljusfuotbal op It Hearrenfean. Se wolle sjen oft se it frouljusfuotbal behâlde kinne. Ofrûne freed waard bekend dat de frouljusploech fan SC Hearrenfean dermei ophâldt.

Foto: René Wiegmink / ProNews

Oanlieding foar it ophâlden fan it frouljusfuotbal is sinteraasje. Der binne finansjele problemen en in oplossing is der net. Neffens Gemeentebelangen Hearrenfean soe it ferlies fan de frouljusploech in enoarm ferlies wêze foar de spylsters en foar de gemeente. De partij hat sneon praat mei bestjoersleden om mear te witten te kommen oer de situaasje.

De gearkomste tusken de riedsfarksjes en fertsjintwurdigers fan it frouljusfuotbal is op 2 maaie. Mei-inoar moat dan sjoen wurde nei in eventuele oplossing. De gearkomste hat in 'besletten karakter'.

(advertinsje)