Gjin goede generale Aris foar play-offs: flink ûnderút tsjin Rotterdam

28 apr 2019 - 17:47

De basketballers fan Aris ha de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje mei grutte sifers ferlern. Rotterdam wie mei 100-75 te sterk yn de Ljouwerter sporthal It Kealledykje. Beide ploegen wiene al wis fan de play-offs. Aris slút de kompetysje ôf as sânde en nimt it yn de earste ronde fan de play-offs op tsjin Zwolle, de nûmer twa.

Foto: Aris Ljouwert

It wie foar de wedstriid al hast wis dat Aris de reguliere kompetysje as sânde ôfslute soe. Allinnich as Rotterdam mei 46 punten ferskil winne soe, soe Aris sakje nei plak acht. Dat barde net, mar de Rotterdammers wiene wol folle better as Aris, dat sûnder de blessearre topskoarer Nick Masterson spile.

By it skoft wie de efterstân fan Aris al njoggentjin punten: 31-50. Yn de twadde helte rûn Rotterdam fierder út, al waard it ferskil gjin 46 punten.

Topskoarer by de Ljouwerters wie Darian Andersen mei 23 punten. Hy hie ek sân rebounds. Andersen wie lykwols ek ien fan de trije spilers dy't fjouwer kear balferlies hie. Sjoerd Koopmans en Deividas Kumelis wiene de oaren. Griffin Kinney hie wol in goede wedstriid: 20 punten (9 fan de 11 skotten raak), 11 rebounds en 5 assists.

Gjin goede generale

De nederlaach is gjin goede generale foar de play-offs, dy't takom wike úteinsette. De earste ronde is best-of-three. Yn Zwolle is takom tiisdei de earste wedstriid, tongersdei spylje de twa ploegen yn Ljouwert. Hat dan noch gjin ploech twa wedstriden wûn, dan falt de beslissing snein yn Zwolle.

(advertinsje)
(advertinsje)