Minnertsgea iepenet keatsseizoen haadklassers mei achtste winst op Bangmapartij

28 apr 2019 - 16:29

It partoer fan Minnertsgea, mei Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra, hat de earste haadklassepartij keatsen fan it seizoen wûn. Yn de finale fan de Bangmapartij yn Weidum, in ôfdielingspartij, wiene se mei 5-1 en 6-2 te sterk foar Bitgum (Paul Dijkstra, Yannick Hielkema en Tjisse Steenstra).

Minnertsgea naam yn de finale al gau in grutte foarsprong. Op 6-6 sloech Hendrik Kootstra mei in boppeslach it earste buordsje oan de telegraaf. Op 6-0 yn it twadde earst sloech Tjisse Steenstra de bal kwea, wêrtroch't Minnertsgea op 2-0 kaam. Op 2-0, 6-2 wurke de Kootstra de opslach fan Steenstra foarby de keats: 3-0.

It slagge Bitgum om noch ien buordsje te pakken, mar op 5-1 en 6-2 makke Kootstra dien wurk yn it tuskenspul.

Mantgum en Boalsert tredde

Minnertsgea hie it earder op de dei, yn de twadde omloop, dreech mei Sint-Jabik. De bruorren Triemstra en Rick Poortstra namen in foarsprong fan 4-1. Minnertsgea kaam lykwols werom.

Ek yn de heale finale tsjin Mantgum hie Minnertsgea muoite. De úteinlike winner kaam mei 4-1 foar, mar Mantgum (Gert-Anne van der Bos, Ignas Dijkstra en Gjal Sjirk de Groot) focht him werom nei 4-4, mei troch in pear opslachmissers fan Marten Bergsma.

Yn de oare heale finale hie Bitgum it net al te dreech mei Boalsert. Menno Galama, Anno Galama en Thomas van Zuiden pakten noch it earste earst, mar Bitgum wûn ûnder lieding fan Tjisse Steenstra mei 5-1 en 6-6. Oant de finale hie Bitgum hielendal al in relatyf maklike dei: se ferlearen mar fiif earsten.

Achtste oerwinning Minnertsgea

It is de achtste kear dat Minnertsgea de Bangmapartij wint. De lêste kear wie yn 2006. By de foarige sân oerwinningen fan Minnertsgea wie alle kearen Chris Wassenaar fan de partij.

Foto: Henk Bootsma

De Bangmapartij is tradisjoneel de iepening fan it keatsseizoen foar haadklassers. Oan de edysje fan dit jier, de 68e, diene 29 partoeren mei.

(advertinsje)
(advertinsje)