Ynformaasjeboerd ta neitins oan earste Joadske oarlochsslachtoffers fan Ljouwert

28 apr 2019 - 16:19

Ta neitins oan de earste Joadske oarlochsslachtoffers fan Ljouwert is snein yn it Vossepark in ynformaasjeboerd ûntbleate. Dat boerd is der kaam op inisjatyf fan it Befrijingsfestival Fryslân, it Fries Verzetsmuseum en Wijkpanel Vosseparkwijk.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De ûntbleating fan it ynformaasjeboerd wie ûnderdiel fan de Iepen Joadskehuzerûte fan snein, wêrby't tsjûgen, neisieten en kenners fertelle oer weifierde Joadske bewenners, fersetsminsken en har huzen.

Op it ynformaasjeboerd yn it Vossepark stiet it ferhaal fan in barren yn de nacht fan 10 op 11 april 1942. De fjouwer buordsjes mei de tekst 'Voor Joden verboden' waarden dy nacht út it Vossepark weihelle. Wylst it ûndersyk nei de dieder noch oan de gong wie, hold de Sicherheidsdienst tsien foaroansteande Joaden oan. Sy waarden op 14 april op transport set nei Kamp Amersfoort.

Foto: Auke Zeldenrust

De heit fan de dieder meldt him noch by de Sicherheitsdienst, hy woe se oertsjûgje dat it in kweajongesstreek wie. It helpt net. Neffens de Sicherheitsdienst wie it in died fan ferset tsjin de anty-Joadske maatregels en dy moatte se bestraffe. In fersyk ta frijlitting fan opperrabbyn Abraham Salomon Levisson smyt ek neat op. Gjinien fan de tsien joaden oerlibbet de oarloch: twa fan harren komme al om it libben yn Amersfoort, de oare acht yn Auschwitz.

"It wiene de earste oppakte joaden fan Ljouwert", seit sjoernalist en skriuwer Auke Zeldenrust. Hy wennet yn de buert fan it park en kaam it ferhaal op it spoar yn de argiven fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. "Se steane bekend as de earste martelers. Dochs is it ferhaal der achter eins fergetten. Sa witte we noch altyd net wa't de buordsjes meinaam hat. It skynt om in learling fan de MTS te gean, mar wis is dat net."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)