LDODK ferfettet fjildseizoen mei thúsoerwinning op sealkampioen Fortuna

28 apr 2019 - 15:53

LDODK is de twadde helte fan de fjildkompetysje úteinset mei in oerwinning op Fortuna út Delft, de ploech dy't earder dizze moanne noch lânskampioen yn de seal waard. Op it keunstgers fan 'e Gordyk wienen de kuorballers fan trainer Henk Jan Mulder mei 22-17 te sterk foar de besikers.

Fortuna is de nije kampioen fan Nederlân yn de Kuorbal League. Yn de sealkompetysje ferlearen de Delftenaren lykwols twa kear fan LDODK.

Yn de earste helte naam LDODK fia 4-1 en 6-2 it inisjatyf. By Fortuna wie international Fleur Hoek op dreef. Mei har tredde treffer kamen de gasten werom oant 7-6. Diana van der Vorst bepaalde de rêststân op 9-6.

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Nei it skoft brocht Fortuna mei twa treffers de spanning werom: 10-8. In geweldige demarraazje fan de Gordyksters soarge foar in ferskil fan leafst 10 goals: 21-11. Yn de slotfaze mochten de gasten noch wat werom dwaan. Einstân 22-17. Topskoarders by LDODK wienen Erwin Zwart (7) en Femke Faber (5).

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

LDODK en Fortuna spylje yn de Eareklasse A. De fjildkompetysje bestiet út twa pûls. De bêste twa fan beide pûls spylje oan de ein yn krúsfinalen om de lânstitel.

Foar it sealseizoen spilen de ploegen al fjouwer wedstriden op it fjild. LDODK wûn trije en spile ien kear gelyk. Dêrmei binne se koprinner yn de Eareklasse A.

(advertinsje)