Ljouwerter Frijheidswyk trije strjitnammen fan fersetsstriders riker

28 apr 2019 - 15:06

De Frijheidswyk yn Ljouwert is trije bysûndere strjitnammen riker. Sneintemiddei binne de buorden ûntbleate fan it Harm en Annie Kingmaplantsoen, it Tiny Mulderplantsoen en de Gerben IJpmastrjitte. De minsken nei wa't de buorden ferneamd binne, ha yn de Twadde Wrâldoarloch allegear in wichtige rol spile yn it ferset.

Dochters en in omkesizzer fan de fersetsstriders ûntbleaten de buorden mei âld-wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert.

It Harm en Annie Kingmaplantsoen wurdt ûntbleate - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Harm en Annie Kingma hiene in timmerfabryk tichteby it plak dêr't no in plantsoen leit. Sy hiene ek in houtmûne oan de Dokkumer Ie, dêr't yn de oarloch in soad ûnderdûkers sieten.

Tiny Mulder wie fersetsfrou, sjoernaliste by it Friesch Dagblad, skriuwster en dichteres. En Gerben IJpma wie fersetsstrider en rayonhaad fan de Landelijke Organisatie (LO). Hy waard op 23-jierrige leeftiid om it libben brocht yn Koudum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)