Goudzwaard fan Forum voor Democratie: "Rebûlje yn partij wurdt opblaasd"

28 apr 2019 - 14:19

It is terjochte dat Henk Otten út it partijbestjoer gien is. Dat fynt Maarten Goudzwaard, de fraksjefoarsitter fan Forum voor Democratie yn de Fryske Steaten. Hy sei dit snein yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Neffens Goudzwaard wurdt de 'kwestje' yn de partijtop oerdreaun.

Foto: Omrop Fryslân

Maarten Goudzwaard (FvD) oer de rebûlje yn syn partij

Neffens Goudzwaard is it fertrouwen yn Otten fuort, nei't er himsels as ponghâlder 30.000 euro takend hie. Goudzwaard ûntkent dat de rebûlje yn syn partij in rjochtingestriid is tusken Baudet en Otten.

De fraach oft Otten no wol in sit nimme kin yn de Earste Keamer, is in lestige, sa seit Goudzwaard. Hy fynt dat alle kandiaat-senatoaren mei inoar om tafel moatte om dêr oer te praten.

Unôfhinklik

De leden fan de Earste Keamer wurde keazen troch de provinsjale steateleden. Neffens Goudzwaard ha de provinsjale steateleden net in stimadvys krigen fan de partijtop: "Nee hear, wy binne folslein ûnôfhinklik dêryn", antwurde er doe't him dêr nei frege waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)