Nyck de Vries einiget as 4e by sprintrace yn Baku
Autokoereur Nyck de Vries fan Toppenhuzen is sneintemoarn as 4e eindige yn de sprintrace fan de Formule 2 yn Baku, Azerbeidzjan. De Vries begûn de wedstriid as 7e. De Kanadees Nicholas Latifi wûn de race, Juan Manuel Correa út Amearika waard twadde en Jack Aitkin út Ingelân tredde.
De race waard in soad ûnderbrutsen troch ûngelokken en dus kaam de safety car regelmjittich yn aksje.
De Vries waard sneon yn de haadrace 2e efter Aitkin. Yn it klassemint is Nicholas Latifi de lieder mei 62 punten. De Vries stiet mei 38 punten op it 4e plak.