Drokte en dronken stappers op Keningsdeinacht yn Ljouwert

28 apr 2019 - 09:32

De plysje fan Ljouwert hat ferskate prosessen-ferbaal útskreaun sneontenacht. It wie drok yn de binnenstêd mei Keningsdeistappers. Troch de "hoge mate van beschonkenheid" wie de sfear net altyd optimaal, sa seit de plysje op har Twitteraccount.

De prosessen-ferbaal waarden opmakke fanwege it fersteuren fan de iepenbiere oarder en baldiedigens.

Fernieling

Om 4.30 oere hat de plysje in 19-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar fernieling. Op it Ruterskertier wie hy lilk oan it dwaan. Syn freonen namen him mei, mar ûnderweis skopte hy in spegel fan in auto dy't op it Saailân stie. Hy waard troch syn freonen yn in auto set en ried hurd fuort. De plysje sette de achterfolging yn en koe de Ljouwerter krekt bûten it stedssintrum oanhâlde foar de fernieling.

(advertinsje)
(advertinsje)