Siebe Bruning hearde befel Dútsers net en waard deasketten

28 apr 2019 - 08:15

De 64-jierrige Siebe Bruning fan Ikkerwâld fytste yn febrewaris 1944 troch syn doarp, doe't dêr in razzia wie. De Dútsers rôpen nei him dat er ôfstappe moast, mar nei alle gedachten hearde Bruning dat net. Hy wie wat dôf. Doe't er net ôfstapte, waard er deasketten.

De Yad Vashem-ûnderskieding by de foto fan Siebe en Ruurdje Bruning - Foto: Omrop Fryslân

In pear moannen dêrfoar wie er noch troch it each fan de nulle krûpt. Hy en syn frou Ruurdje wiene frege om plak te bieden oan ûnderdûkers. Dêr wiene se net sa happich op, mar úteinlik ha se tajûn. Bûten harrensels en de manlju dy't derfoar soarge hiene dat de ûnderdûkers dêr kamen, wist nimmen derfan. Sels Bruning syn broer wist it net.

Se waarden ferret troch de man dy't de ûnderdûkers brocht hie. Dat wie Frans Vergonet, in ferrieder dy't letter troch it ferset likwidearre waard.

Yn 'e sel

De ûnderdûkers waarden oppakt en ôffierd nei kamp Westerbork. Bruning kaam yn de finzenis yn Ljouwert. Hy siet dêr yn in sel mei twa oaren. Se fregen him it himd fan it liif, mar hy fertroude se net en fertelde neat oer it ferset yn Ikkerwâld en omkriten.

Uteinlik kaam er frij trochdat ien fan syn dochters kunde hie oan de kommandant. Se kocht him om mei drank en kofje.

Simon Wiersma mei de Yad Vashem-oarkonde fan syn pake en beppe - Foto: Omrop Fryslân

Simon Wiersma fertelt oer syn pake en beppe Siebe en Ruurdje Bruning

Pakesizzer Simon Wiersma hat der jierren letter foar soarge dat Siebe en syn frou Ruurdje postúm de Yad Vashem-ûnderskieding krigen ha. Yn 2017 is de ûnderskieding foar help oan Joaden útrikt oan Wiersma.

Om dat foarinoar te krijen hat er fia ferskate argiven in soad ynformaasje opsocht oer syn pake. De Fryske sjoernalist en nazi-jager Jack Kooistra wie ien fan syn boarnen. Kooistra wie der ek by doe't de Yad Vashem-ûnderskieding útrikt waard.

It ferhaal fan Simon Wiersma oer syn pake Siebe Bruning is optekene yn de rige fan it radioprogramma Buro de Vries oer oarlochsslachtoffers yn Fryslân, oan de hân fan it oarlochsslachtoffersargyf fan Jack Kooistra.

Buro de Vries wurdt sneins útstjoerd fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûns is it programma nochris te beharkjen om 21.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)