Tûzenen kilo's oan ôffâl nei ôfrin fan Ljouwerter frijmerk

27 apr 2019 - 21:10

It opromjen fan de frijmerk yn Ljouwert smyt ek dit jier wer tûzenen kilo's oan ôffal op. It measte fan dat 'ôffal' waard earder op de dei noch te keap oanbean op dyselde frijmerk. Mar wat net ferkocht wurdt, bliuwt achter en it is oan de mannen fan Omrin om dat dan wer op te rêden.

Earder op de dei hie in spesjaal promoasjeteam fan Omrin de frijmerk oer west om elkenien op te roppen om it ôffal sa folle mooglik yn de spesjale konteners te smiten. Op ferskate plakken yn de stêd wiene dy konteners delsetten mei de hoop dat it opromjen oan de ein fan de dei dan rapper gean soe.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De oprommers fan Omrin setten om seis oere al útein mei it oprêden, en om tolve oere nachts moat de put klear wêze. Yn totaal wurdt der alle jierren sa'n 15-tûzen kilo ophelle en de ferwachting is dat it ek dit jier wer it gefal wêze sil.

Neffens Omrin rint it de lêste jierren wol hieltyd better mei it sels oprêden troch de frijmerkferkeapers. De konteners wurde alle jierren foller en de ôffalwein fan Omrin sels, dy't jûns op 'en paad is, wurdt hieltyd leger.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Harkje nei de reportaazje oer it opromjen

(Advertinsje)
(Advertinsje)