Richard Falkena wint F1 Stockcar yn Blauhûs

27 apr 2019 - 19:37

De F1 Stockcar is sneontemiddei ferrassend wûn troch Richard Falkena fan Nijlân. Sa'n 10.000 minsken wiene op de races yn Blauhûs ôfkaam.

Richard Falkena hearde sneon mei syn stockcar by de rapste riders fan de F1. Nettsjinsteande de grutte konkurrinsje slagge Falkena deryn om in pear sterke Britten efter him te hâlden, om dêrmei de winst binnen te slepen. It is it earste seizoen yn de F1 foar de jonge koereur.

Mear dielnimmers, minder besikers

De KingsBattle is in evenemint fan twa dagen, dat sawol nasjonale as ynternasjonale toppers út de racingwrâld lûkt. It evenemint sit kwa dielnimmersoantallen yn de lift. De organisaasje hat dit jier opnij wer mear dielnimmers ynskriuwe kinnen as ferline jier. De organisaasje hie dêrom it beslút naam om ien kategory minder op it raceformulier te setten. Om't it oars hast net te dwaan wie om elk in plakje te jaan yn it 'rennerskertier'.

De 10.000 besikers dy't sneon nei de races ta kamen, wiene minder as ferwachte. Mei troch de mindere waarfoarsizzing wiene der minder minsken nei Blauhûs ôfreizge. De minsken dy't der wol wiene koene it lykwols hast de folsleine dei drûch hâlde.

Falkena is ûnderdiel fan H151 racingteam Nijland, dy't op social media ek tige grutsk wiene op harren teamlid.

Foto: H151 Racingteam Nijland
(advertinsje)
(advertinsje)