Orkesten sjogge net allinnich mear nei jongeren foar nij bloed

27 apr 2019 - 19:21

De saneamde 'Nij Talint-orkesten' yn Fryslân slaan oan. It giet dan om projekten wêryn't benammen folwoeksenen yn tsien wiken leare om in blaasynstumint te bespyljen.

Guus Pieksma foar it Nij Talint-orkest fan Tsjerkwert - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It idee foar de Nij Talint-orkesten ûntstie sa'n sân jier lyn yn Starum by fanfare "De Lytse Súdwesthoeke". Dêrnei is it ek oppakt by korpsen yn bygelyks Warkum, Kollum, Snits, Skylge en Tsjerkwert. Musikus en dirigint Guus Pieksma is de inisjatyfnimmer fan it projekt en fiert it as ZZP'er ek út foar de ferskate korpsen.

'Aldere begjinners'

Foar nije oanwaaks foar de orkesten waard earder eins altyd allinnich nei de jeugd sjoen, mar it die bliken dat ek de groep 'âldere begjinners' in nijsgjirrige nije doelgroep wie.

In soad fan dizze nije muzikale talinten, bliuwe ek nei de stoomkursus by de korpsen belutsen. Ek yn de striid tsjin it weromrinnende ledetal by in soad HAFABRA-korpsen kinne de Nij Talint-orkesten dus in wichtige funksje hawwe.

Yn it radioprogramma Buro de Vries is snein in reportaazje te hearren oer it Nij Talint-orkest fan Tsjerkwert dat no in tal wiken oan 'e slach is.

Leden fan fanfare Eensgezindheid helpe de begjinners - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)