KNRM Harns yn aksje foar syljacht yn need

De KNRM fan Harns moast sneontemiddei yn aksje komme foar in sylboat dat yn de problemen rekke wie.
Foarbyldfoto fan de rêdingsboat yn akjse © Shutterstock.com
It lytse jacht kaam yn de problemen op de Waadsee krekt bûten de haven fan Harns, op hichte fan de Pollendaam. De minsken dy't oan board fan it skip wiene moasten mei in rêdingsflot holpen wurde. De KNRM hat dêrnei de minsken en it skip feilich wer nei de kust ta brocht.
Neffens de KNRM wie it foar de Harnzer ôfdieling in spannende aksje, mar ien mei in goeie ôfrin.