Auto rydt fan de Ofslútdyk ôf, rjochting it wetter

27 apr 2019 - 17:42

De brânwachtkorpsen fan Harns, Frjentsjer, Snits en Wytmarsum binne sneontemiddei massaal útriden foar in auto dy't op de Ofslútdyk fan de dyk riden wie. It ûngelok barde krekt foar it tankstasjon by Breesândyk.

De auto wie ûnderoan de Ofslútdyk bedarre, krekt net yn it wetter mar wol swier skansearre. De helptsjinsten koene twa minsken út de auto helje. Sy binne mei ûnbekende ferwûnings oerdroegen oan it ambulânsepersoniel. De traumahelikopter wie ek oproppen, mar hoegde gjinien mei te nimmen.

It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. De helptsjinsten hawwe koarte tiid ien rydstrook ôfsluten foar it ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok Ofslútdyk
(advertinsje)