Plysje warskôget foar falsk jild yn Drachten

27 apr 2019 - 15:47

De plysje East-Fryslân warskôget ûndernimmers yn Drachten tsjin minsken dy't betelje mei falsk jild.

Beurs - Foto: Shutterstock.com

De plysje hat op Keningsdei de earste melding binnen krigen dat der betelle is mei in falsk jild. It giet om in biljet fan 50 euro. It sinjalemint fan dejinge dy't dêrmei betelle is: 16 jier âld en hy hat in swarte jas oan.

Trefwurden: 
plysje Drachten falsk jild
(advertinsje)
(advertinsje)