Sportkompleks de Steense alwer sûnder eksploitant

27 apr 2019 - 14:02

Nei in moanne sit sportkompleks de Steense yn Wolvegea alwer sûnder eksploitant. De foarige eksploitant is ferline jier opholden en sûnt dy tiid is der socht nei in nije behearder. Dy waard nei in oanbesteging fûn yn Kerkvoorde Vlees & Catering. Kerkvoorde begûn op 1 april en no meldt de gemeente Weststellingwerf dat der in ein komt oan it kontrakt. Wat de reden is, bliuwt dizich. Beide partijen dogge gjin meidielingen.

Foto: Google Streetview

Sociaal Duurzaam Weststellingwerf hat frege om de oanbesteging yn te sjen om te efterheljen wat Kerkvoorde en de gemeente krekt mei inoar ôfpraten ha. Mar neffens de gemeente kin dat net fanwegen de privacy. Fraksjefoarsitter René de Klein leaut net dat dat de reden is. It is ûndúdlik oft der no in nije oanbesteging komt. By de foarige wiene mar trije belangstellenden, dêr't daliks al ien fan ôffoel.

Doe't it sportkompleks sûnder behearder siet, wie de gesellichheid fuort. Sporters koene kofje en wat fris út in automaat krije, mar mear net. De gemeente neamt de kantine wichtich as moetingsplak en woe de kantine in maatskiplik karakter jaan. Sa soene der ek wurk- en learplakken komme moatte. It is ûndúdlik oft dizze eask fan de gemeente meispilet yn it beslút om it kontrakt mei Kerkvoorde alwer op te sizzen.

(advertinsje)
(advertinsje)