Nyck de Vries twadde yn Formule 2-race yn Baku

Autokoereur Nyck de Vries út Toppenhuzen is yn de Formule 2-race fan Baku yn Azerbeidzjan as twadde einige. Mei troch in mislearre pitsstop slagge hy der net om de winst te pakken. De oerwinning gie nei Jack Aitken út Ingelân. It wie it earste poadiumplak fan it seizoen foar Nyck de Vries.
© www.orange-pictures.nl
De Vries wie de race ek as twadde begûn. Lange tiid wie er de lieder yn de race, mar troch de mislearre pitsstop feroare dat dus. Uteinlik foelen 7 fan de 20 racers út op it strjittesirkwy fan Baku.
Sneintemoarn is de twadde race fan it wykein yn Baku. De earste acht koereurs begjinne dan yn omkearde folchoarder. Foar De Vries betsjut dat dat er as 7e oan de race begjint.
Yn it earste racewykein fan de Formule 2 yn Bahrein einige Nyck de Vries as 6e yn de haadrace en as 7e yn de sprintrace.