Frouljusteam SC Hearrenfean: teloarstelling is grut en net ien hat in oplossing

27 apr 2019 - 13:47

Grutte teloarstelling by de stêf en spilers fan de froulju fan SC Hearrenfean. It frouljusteam bestiet feitlik net mear. De stichting, wêrûnder de froulju falle, wurdt likwidearre en der binne gjin konkrete ôfspraken mei de profklup SC Hearrenfean. Dat krigen de fuotbalsters en stêf in pear oeren foar harren lêste thúswedstriid te hearren.

Foto: Orange Pictures

Foppe de Haan set him de lêste jierren aktyf yn foar it frouljusfuotbal. Op it EK yn 2017 wie hy de assistint-bûnscoach. Hy fynt it ferrekte spitich foar de froulju fan SC Hearrenfean. "Hearrenfean hat yn Noard-Nederlân in hiel dominant plak. Se betsjutte echt wat foar de ûntwikkeling fan frouljusfuotbal."

It probleem is jild. "It giet altyd om jild. It probleem fan de Hearrenfeanfroulju is grut. Der binne yn de gemeente mear sportklups, lykas Flyers en neam mar op, dy't op in lyts gebiet in berop dogge."

De blik fan de KNVB is fierstente heech. Se meie harren wol mear rjochtsje op de klups en de kompetysje.

Foppe de Haan

Hearrenfean syn fundamint is prima, seit De Haan. Hy fynt dat de KNVB in matige rol spilet. Sy dogge te min foar de froulju. "De blik fan de KNVB fierstente heech. Se meie harren wol mear rjochtsje op de klups en de kompetysje. Ik tink dat se tefolle nei Oranje sjogge."

In soad goeie spylsters gean ek nei it bûtenlân. Yn Ingelân, bygelyks, ha se mear jild, mar binne alle klups ferplichte mei in frouljusteam te spyljen. "Dat soe yn Nederlân ek moatte. As in oantal klups, ferdield oer Nederlân, dat no oppakke. Dat soe moai wêze."

Foppe de Haan oer SC Hearrenfean froulju

Sportclub Hearrenfean wol in nije stichting

Yn febrewaris begûn de stichting mei help te sykjen. Doe ha se meardere petearen mei Roozemond en Van der Veen hân. Doe waard de foarsitter fan it frouljusfuotbal fan SC Hearrenfean, Froukje Hofma, dúdlik dat SC Hearrenfean wol fierder woe, mar mei in nije stichting en nije minsken. "Wy binne as stichting net langer winske."

SC Hearrenfean hat tasein de bydrage oan it frouljusfuotbal ferdûbelje te wollen, mar neffens Hofma rêde je it dêr ek net mei. De nije kwaliteitseasken fan de KNVB freegje om mear ynvestearringen.

"Wy hiene mear gearwurkje moatten. We keapje no alles apart yn, wêrom kin dat net gewoan tegearre?", freget Hofma har ôf. "Roozemond hie de yntinsje it frouljusfuotbal te omearmjen, mar hy hie ús net sa lang oan it lyntsje hâlde moatten."

Frouljusfuotbal is gjin frijwilligerswurk

"It is gjin frijwilligerswurk mear. It is gjin alvetalfroulju dy't earne op in knollefjild oan it rûn draven is. Wy binne in profesjonele organisaasje mei in jeugdoplieding, in technyske stêf en fysio. De fuotbalsters binne lilk. It is gewoan ferskriklik spitich," seit Hofma.

(advertinsje)
(advertinsje)