FIDEO: Hoe't Cambuur him pleatste foar de play-offs

Cambuur wûn sneon mei 4-1 fan MVV en is dêrmei wis fan de earste ronde fan de play-offs. Robin Maulun wie de grutte man mei in hattrick. Robbert Schilder makke de 3-1. In eigen goal fan Emmanuel Mbende soarge foar de iennige tsjingoal. Cambuur is hjirmei wis fan dielname oan de earste ronde fan de play-offs yn de striid om promoasje en hat sels noch in lytse kans op it heljen fan de heale finale.
FIDEO: Hoe't Cambuur him pleatst foar de play-offs