Plysje Ljouwert komt Keningsnacht foar lytse saken yn aksje

27 apr 2019 - 12:15

Keningsnacht hat yn Ljouwert soarge foar inkelde ynsidinten. Krekt nei fiif oere op sneontemoarn waard in 27-jierrige ynwenner fan Ter Apel fuorthelle út de Oude Doelesteeg neidat er him net legitimearje woe. Syn gedrach wie "tige ferfelend", seit de plysje.

Foto: ANP

Flak foar ien oere yn de nacht moast de plysje optrede op de Wirdumerdyk yn it sintrum. In 18-jierrige ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân lei dêr smoar yn syn eigen koarre. Hy waard troch in ambulânse nei it MCL yn Ljouwert brocht.

Om hast twa oere nachts seach de plysje fia kameratafersjoch dat twa Ljouwerters mei in gebietsferbod foar de binnenstêd fan Ljouwert dochs op it Reigerplein wiene. De 19-jierrige frou en de 20-jierrige man waarden oanhâlden. De frou hie earder in gebietsferbod krigen fan de gemeente, de man fan de Rjochtbank Noard-Nederlân.

Yn de Keningsnacht hâlde de plysje ek noch in 43-jierrige man út Ljouwert oan yn de Oude Doelesteeg. Hy hie in hoareka-ûntsizzing fan 12 moannen mar hâlde him dêr net oan. De ûntsizzing is troch de plysje no ferlinge mei 5 jier. By it oerbringen nei it sellekompleks fan de plysje misledige hy de plysjeminsken.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert Keningsnacht
(advertinsje)
(advertinsje)