Arends wint Challengertoernoai yn Nanchang

27 apr 2019 - 11:11

Sander Arends hat wer in Challengertoernoai wûn. De Ljouwerter wûn yn it Sineeske Nanchang mei syn Eastenrykse partner Tristan-Samuel Weissborn. Yn de finale wiene se fiersten te sterk foar de Australiërs Akira Santillan en Alex Bolt. Se wûnen mei 6-2 en 6-4.

Foto: Orange Pictures

It is foar Arends de twadde kear dit jier dat hy in Challengertoernoai wint. Ein jannewaris wûnen Arends en Weissborn yn Rennes. De twa spilen de leste wiken trije toernoaien yn Azië en hellen earder ien de heale finale en ien kear de finale. Troch de oerwinning komt Arends no op it 86e plak fan de wrâldranking.

(advertinsje)