Kâlde Keningsdei yn Fryslân

27 apr 2019 - 11:06

Keningsdei yn Fryslân stiet yn it teken fan frijmerken, muzykeveneminten en spultsjes. Guon doarpen en stêden pakke sneon grut út, nettsjinsteande it reinwaar.

Yn Snits koene de paraplu's mei nei de aubade. Op it bordes fan it stêdhûs yn Snits stien boargemaster Jannewietske de Vries en foarsitter fan de Oranjeferiening Dick Overeem.

De aubade yn Harns wie sneontemoarn drok besocht.

Yn Boalsert is de frijmerk ek los.

Foto: Omrop Fryslân

De frijmerk yn Ljouwert falt oant no ta yn it wetter. Mar neffens de waarsfoarsizzing, komt de sinne der oan.

Foto: Omrop Fryslân

In grutte ballonnen Keningskroan makke it sintrum fan It Hearrenfean wat fleuriger.

Foto: Albert Thibaudier
Trefwurden: 
Fryslân Keningsdei
(Advertinsje)
(Advertinsje)