Kollum: "Linkse drammer"

27 apr 2019 - 09:11

"It bliuwt tige nijsgjirrich om te folgjen hoe't minsken harren hâlde op de sosjale media. Wat faak opfalt is it folsleine brek oan refleksje en neitinken oer wat se op it WWW kalkje. In moai foarbyld wie de stokerij fan de peaskebulten. Mei dizze oanhâldende drûchte miskien net it meast handige feestje, mar klear.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

De Dútsers hâlde ek fan peaskebulten opstoke, jimme koene it allegearre rûke. Dat kaam omdat we rûn de peaske al in jier as wat mei eastewyn te krijen ha. Dat is in fenomeen dat earder net folle foarkaam, mar ik wol my út noch yn net mei it waarberjocht dwaande hâlde, dêr reitsje je nea oer útpraten.

Nee, it gie der om dat troch dy eastewyn wy de reek fan dy Dútske bulten oer it lân krigen. Al dy tsientallen jierren dat de wyn 'gewoan' westlik wie en de Dútsers mei al ús ûngerjochtichheden opskipe sieten, hearden je de minsken der net oer. Nee, Nederlân wie bedutsen ûnder Dútske reek en smog. No, dat soenen we dy Dútsers wolris even witte litte. Nochris, ik ha nea in Dútser heard oer al de peaskebulten dy't wy opstookten. Nederlân en ek Fryslân wurdt dan op de sosjale media in seurhoekje. En jo ha samar in stimpel op jo foarholle, want it giet der soms hurd omwei.

Ien fan de reagearders op it berjocht fan de peaskebulten sei dat it mar dien wêze moast mei dy rommel fan in oar, want wat hie hy dêr mei nedich. De frou hie der barstende pine yn de kop fan, skreau er der by. Houtkachels koene om him ek daliks wol by it skroat.

Op dizze post kamen wat opmerkingen. De skriuwer fan de post is gek op fjoerwurk, sa die bliken út de reaksjes, mar dat docht der net ta. Hjir hie er lêst fan, dus dit moast ôfskaft wurde. Omdat hy dat fûn en de frou pine yn de holle hie. No seach ik dat syn omslachfoto ien fan de auto fan Max Verstappen is. Net daliks de skjinste sport op de wrâld, dy Formule Ien. De miening oer de brânbulten waard al mar hypokriter. Sels gek op fjoerwurk en F1, mar de tradysje fan peaskebulten moast ôfskaft wurde.

Ik reagearje eins nearne op, al hielendal net mear op Facebook, mar dit koe ik dochs net litte en skreau dat ik it wol opmerklik fûn. No, doe hie ik it noch net rêden. De F1 wie goed dwaande mei it miljeu en ik soe wol links stimme. De fraksjefoarsitter fan D66 moast it noch even ûntjilde en de skriuwer hie sels in grouwe fiif silinder op de daam stean. 'Get a life,' heakke er der noch freonlik oan ta, boppedat neamde er my in linkse drammer en in weak aai.

Hy die wol oan frijwilligerswurk en stiet middenyn de Mienskip. Sei er. En earlik sein: dat leau ik graach. Want de meast fatsoenlike en hurd wurkjende minsken feroarje op de sosjale media yn hiele oare persoanen, dy't minsken online foar fan alles útmeitsje, sûnder dat se witte tsjin wa't se it überhaupt ha.

Foar dizze persoan hoopje ik dat it oar jier mei de peaske 15 graden is mei in moai westewyntsje. Dan kin er him oer oaren dingen drok meitsje. En ik hoopje ek dat de pine yn de holle by syn frou wat ôfsakke is. Noflike sneon allegearre."

(advertinsje)