SC Cambuur wis fan de play-offs: "We zijn van ver gekomen"

Mei de oerwinning freedtejûn yn it eigen Cambuurstadion is SC Cambuur wis fan dielname oan de play-offs foar promoasje nei de Eredivisie. "We zijn van ver gekomen en we hebben ons nu geplaatst, dat geeft een goed gevoel", seit Robbert Schilder.
Cambuur wint fan tsien man MVV en is wis fan play-offs
It wie in wedstriid dêr't fan alles oan de hân wie. Yn de achtste minút krige Dimitri Lavaléé in reade kaart nei in swiere oertrêding op Issa Kallon en moast it fjild ferlitte. "Ik was erdoor verrast. Ik hield in eerste instantie geen rekening met een rode kaart."
Dêrnei kamen twa penaltys. Neffens guon minsken wie de earste wol swier. "Juist van die eerst hoorde ik dat hij hem heel hard raakte, omdat ik er vrij dichtbij stond. Maar ik kan me voorstellen dat het voor het publiek redelijk onverwacht komt. Als er veel camera's op deze wedstrijd hadden gestaan, dan had je kunnen zien dat hij hem behoorlijk raakte."
We gingen een beetje forceren en dat is het slechtste wat je kunt doen.
Robbert Schilder
Maulun wist beide penaltys goed te brûken, wêrmei't Cambuur mei 2-0 foarsprong de rêst yn gie. Dochs is Schilder kritysk. "Het was een moeizame wedstrijd, door die rode kaart. Het werd er niet leuker op, ook niet om naar te kijken." Cambuur spile de bal wat hinne en wer, mar kreëarre gjin kânsen. "We gingen een beetje forceren en dat is het slechtste wat je kunt doen. In de rust hebben we goed besproken hoe we dat het beste konden oplossen en dat hebben we goed gedaan. Die eerste twintig minuten na de rust was echt goed."
Schilder soarge sels foar de 3-0. Dochs koene de fuotballers fan Maastricht noch de 3-1 meitsje. "Die goal kwam totaal vanuit het niets, totaal ongelukkige goal en dan zie je dat zij ineens iets meer risico gaan nemen. Het was geen wereldpartij, maar het was wel mooi dat wij daarna nog 4-1 maakten."
It gefoel is goed by de Ljouwerters. Nei de oerwinning yn Eindhoven, de oerwinning op Utrecht en ek de oerwinning op Maastricht slute se it seizoen goed ôf, seit Schilder.

Play-offs helje is net it doel

Hake is bliid mei de oerwinning wêrtroch se wis binne fan de play-offs, mar seit dat de play-offs helje fansels net it doel is. It doel is om de play-offs te winnen. Mar sjoen nei it seizoen, fynt er it in goede prestaasje.
Cambuur wis fan play-offs

Tsien tsjin alve is lestich

De 4-1 op MVV jout in goed gefoel. "Ik denk dat we voor de rode kaart al een kans hadden dat we op 1-0 konden komen. Maar met elf tegen tien is het altijd een beetje lastig. Dan wil je graag, maar dan zie je ook dat ze even het hoofd verliezen en teveel door elkaar lopen." Ek Hake fynt dat de ploech de earste tweintich minuten nei de rêst hiel goed spile. Dertroch wie it ekstra soer dat se dan dochs noch in tsjingoal krigen.
Cambuur spilet kommende wike tsjin Twente. Dan hoopje se de rige fan suksessen troch te setten. "Elke wedstrijd moet je aangaan om goed te presteren. Uiteindelijk gaat het erom dat je met een goed gevoel een wedstrijd speelt en dat je er op die manier ook goed de eerste ronde van de play-offs in kunt gaan, en nog liever de tweede."