It steatejacht fan Fryslân sil op toernee

It steatejacht fan Fryslân sil op toernee. It kommende jier is it jacht wat faker as oars te sjen, om't it dit jier 125 jier lyn is dat it skip boud is. Boppedat docht it skip alwer 65 jier tsjinst as steatejacht fan Fryslân. Doel is om yn alle gefallen in kear de Waadsee oer te farren en it steatejacht sil in tal kear bûten de provinsje te sjen wêze.
Steatejacht giet op tournee
De Friso waard yn 1894 boud troch de ferneamde skipsbouwer Eeltje Holtrop van der Zee. Hy die dat yn opdracht fan de doetiidske kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten. Hy makke der yn syn tiid as kommissaris al gebrûk fan, mar it waard pas offisjeel it steatejacht yn 1954. It skip, in saneamde boeier, wurdt sûnt dy tiid benammen brûkt troch de kommissaris, mar ek troch de deputearren.
Yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits is in bysûndere útstalling te sjen oer de Friso, sa as it steatejacht offisjeel hjit.
Op de útstalling binne ûnder oaren de kostúms te sjen fan de skippers fan it steatejacht. Ek is der in útstalling fan foto's en skilderijen fan it bysûndere skip. Dêrnjonken kinne je mei in VR-bril it skip ris fan de binnenkant besjen.
De útstalling is noch oant 1 septimber fan dit jier te sjen.
Harkje nei direkteur Seffinga fan it Skipfeartmuseum