Cambuur wint fan tsien man MVV en is wis fan play-offs

Yn it eigen Cambuurstadion hat SC Cambuur freedtejûn mei 4-1 wûn fan MVV Maastricht. Troch de oerwinning is Cambuur wis fan dielname oan de play-offs foar promoasje nei de Eredivisie. MVV spile al gau mei tsien man en joech twa penaltys fuort.
© www.orange-pictures.nl
Cambuur spilet yn de striid om de play-offs inkeld noch finales. Alle wedstriden moatte wûn wurde om noch kâns te meitsjen op neikompetysje.
De Ljouwerters begjinne de wedstriid dan ek fûl, en krijt al gau kânsen. Ek MVV is fûl, al docht dat op in oare wize bliken. Nei't Schroijen yn de tredde minút al giel krijt, moat yn de achtste minút Dimitri Lavaléé it fjild ferlitte nei in swiere oertrêding op Issa Kallon.

Penaltys

Yn de 27e minút makket MVV op 'e nij in oertrêding, allinnich dizze kear yn it strafskopgebiet. Skiedsrjochter Martens fynt it in penalty en Robin Maulun sjit dy binnen: 1-0. Nei de goal sakket MVV yn en dominearret Cambuur, mar dat liket net foar grutte kânsen te soargjen. Krekt foar skoft krijt Kallon in triuw, wat de skiedsrjochter op 'e nij in penalty fynt. Maulun fersulveret de kâns en soarget ek fuortendaliks foar de 2-0 rêststân.
Cambuur wint fan tsien man MVV en is wis fan play-offs

Prachtige goal fan Schilder

Ek nei it skoft siket Cambuur de oanfal op. Nei in pear lytse kânskes is it yn de 55e minút Robbert Schilder dy't foar de 3-0 soarget. Fan in meter as 20 sjit er de bal hurd yn de krusing.

Hattrick

Goed tsien minuten letter moat Cambuur dochs in tsjingoal ferwurkje. In skot fan Josua Holtby einiget fia Emmanuel Mbende efter Cambuur-doelman Xavier Mous. Krekt foar tiid makket Robin Maulun noch syn hattrick en set dêrmei de 4-1 einstân op it skoareboerd.

Play-offs

Troch de oerwinning op MVV en it ferlies fan Roda JC tsjin Den Bosch is Cambuur wis fan de play-offs om promoasje nei de Eredivisie.
Cambuur wis fan play-offs
SC Cambuur - MVV Maastricht 4-1 (2-0). 28. Robin Maulun 1-0, 45. Robin Maulun 2-0, 55. Robbert Schilder 3-0, 66. Emmanuel Mbende (e.d.)3-1, 90. Robin Maulun 4-1.
Opstelling SC Cambuur: Mous, Sai, Steenvoorden, Mbende, Sambissa (60/ Bangura), Jansen (79/ Calor), Schilder, Kallon, Maulun, Ciganiks, Robertha.