Froulju Hearrenfean winne alderlêste thúswedstriid

26 apr 2019 - 21:47

De froulju fan SC Hearrenfean ha harren alderlêste thúswedstriid wûn. Op it sportpark Skoatterwâld waard Excelsior Barendrecht mei 3-1 ferslein. It soe samar ris de lêste thúswedstriid ea west hawwe kind, om't de de stichting likwidearre is.

Tiny Hoekstra (Argyffoto) - Foto: Orange Pictures

De Feansters setten fûl útein oan it begjin fan de wedstriid en kamen al yn de earste minút op foarsprong. Fenna Kalma makke de goal. Tsien minuten foar it skoft tocht Excelsior op likense hichte te kommen, mar harren goal waard ôfkard fanwege bûtenspul. Net folle letter wie it foar Hearrenfean wol raak, doe't Nathalie van den Heuvel der 2-0 fan makke.

Yn de twadde helte kaam Excelsior werom op 2-1 troch in doelpunt fan Frederique Nieuwland. De oerwinning kaam foar de Feanfroulju lykwols net mear yn gefaar, want al gau sette Tiny Hoekstra nei in goeie dribbel de 3-1 einstân op it skoareboerd.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)