Riedsleden Harns stjoere iepen brief oer fiskerijdagenkwestje

26 apr 2019 - 21:34

Riedsleden fan de gemeente Harns hawwe in iepen brief publisearre nei oanlieding fan de kommoasje tusken VVD riedslid Gerrit-Jan de Vries en it bestjoer fan de Fiskerijdagen. Yn de brief jouwe sy oan dat it de taak is fan in riedslid om wat te dwaan mei sinjalen út de mienskip sûnder benaud te wêzen om ien te misledigjen.

Foto: Omrop Fryslân

It bestjoer fielt him rekke troch in opmerking fan De Vries yn de riedsgearkomste fan 27 febrewaris, wêryn't hy freget om ynsicht yn it finansjele plaatsje fan de Fiskerijdagen. Dit is de Stichting Fiskerijdagen yn it ferkearde kielsgat sketten. Se wolle no sels hielendal gjin gemeentlike subsydzje mear, salang't De Vries syn wurden net rektifisearret.

Yn de brief skriuwe de riedsleden dat de subsydzje noch altyd reservearre is foar de fiskerijdagen.

Trefwurden: 
Harns subsydzje fiskerijdagen
(advertinsje)
(advertinsje)