Auto mei trije persoanen oer de kop by De Falom

In auto mei dêryn trije minsken is freedtejûn yn De Falom fan de dyk rekke, en oer de kop yn de berm bedarre. De auto wie ûnderweis fanút de rjochting Broeksterwâld doe't de bestjoerder ynienen de macht oer it stjoer ferlear.
© De Vries Media
De auto bedarre yn de rjochterberm, en skeat rjochttroch in groppe yn. Hjir sloech de auto oer de kop, om úteinlik wer rjocht oerein op de tsjillen te bedarjen. De helptsjinsten binne oproppen om earste help te ferlienen. De trije jonges dy't yn de auto sieten binne koart ûndersocht, mar hoegden net nei it sikehûs. De bestjoerder is nei in blaas- en drugstest meinaam nei it buro.
De plysje hat koart ûndersyk dien nei it ûngelok, mar de Verkeersongevallen Analyse hoegde net te kommen. In bergingsbedriuw hat de swier skansearre auto meinaam.