Slim ûngelok by stockcar-race Blauhûs

26 apr 2019 - 20:01

By de jierlikse stockcar-race yn Blauhûs is freedtejûn in dielnimmer slimferwûne rekke. It ûngelok barde ûnder ien fan de races.

Foto: Omrop Fryslân

De dielnimmer die mei yn de klasse F2 stockcar. Yn ien fan de bochten gie it mis. De auto waard neffens tsjûgen lansearre, en kaam yn de boarding ta stilstân. It medyske team fan de autocross wie rap by de ferwûne dielnimmer, en hat fuortendaliks 112 belle. De bestjoerder wie der sa slim oan ta dat der in traumahelikopter oproppen waard om it slachtoffer te helpen.

De bestjoerder fan de race-auto is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De races hawwe koarte tiid stillein, mar binne healwei de jûn wer oppakt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)