FIDEO: Keatsseizoen set dit wykein útein, Omrop Fryslân sjocht foarút

It is safier, it nije keatsseizoen set no snein útein mei de 68e edysje fan de Bangmapartij yn Weidum. Mei syn 36 jier is Taeke Triemstra noch hieltyd ien fan de favoriten. En dat jildt ek foar de PC dêr't hy dit seizoen foar de 20e kear oan meidwaan sil. Triemstra wol it kommende seizoen yn alle gefallen yn de top trije fan it ivige keatsklassemint komme. Keatser Taeke Triemstra, trainer Dirk Jan van der Woud en keatsfolger Geart van Tuinen sjogge yn Fryslân Hjoed foarút op it seizoen.
Keatsseizoen set útein