Oantal wylpen nimt hurd ôf en ûndersikers wolle witte wêrom

26 apr 2019 - 18:12

It oantal briedende wylpen is yn Fryslân sûnt de jierren 90 mei sa'n 60 prosint tebekrûn. En eins witte wy noch fierstente min fan ús grutste steltrinner. Mei om dêr wat oan te dwaan, wurdt der dit jier ekstra ynset op ûndersyk nei de soart en wurde frijwillige fûgeltellers frege ekstra omtinken te besteegjen oan de wylp, seit Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek.

De soart is troch de Vogelbescherming en Sovon útroppen ta fûgel fan it jier. De measte minsken kenne de fûgel mei de grutte nei ûnderen steande snaffel foaral fan de winter. Dan oerwinterje der relatyf in soad by ús kust. Dat binne fûgels út it noarden en easten fan Europa.

It tal wylpen dat hjir briedt is lykwols folle lytser en mei omdat sy op in relatyf grut ferskaat oan terreintypes út de fuotten kinne, is it net altiten like maklik om oan te wizen wêrom't it min giet mei de soart.

Fûgels lûke fuort

Op guon Waadeilannen briede sy yn de dunen, benammen op Skiermûntseach. Mar trochdat dunen nei ferrin fan tiid rûger wurde troch in oerskot oan stikstof fan yndustry, lânbou en in ferskaat oan oare oarsaken lûke de fûgels wer fuort. Sy hâlde foaral fan in iepen lânskip.

Der wurdt ek noch hieltiten bret yn it boerelân, mar omdat sy der hiel lang oer dogge om fan aaien nei piken te gean en dy piken grut te krijen, binne sy hiel kwetsber as it lân bewurke wurdt.

Twa wylpen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Yn natuergebieten liftsje sy mei op maatregels dy't naam wurde foar greidefûgels, mar it behear is meastentiids net spesjaal ôfstimd op de soart, seit ek boskwachter Durk Venema fan Staatsbosbeheer. Ek dêrfoar is mear kennis nedich. Benammen oer wat der nedich is foar piken om te oerlibjen, is net in soad bekend, sizze sawol Kleefstra as Venema.

Yn it Snitsermargebiet liket it oant no ta goed te gean. By in koarte fartocht mei Staatsbosbeheer binne der fan 'e wike al bêst in soad fûgels sjoen. Der waard rekkene op 22 briedpearen, mar mooglik binne it der wol mear, sa tinkt boskwachter Venema.

(Advertinsje)
(Advertinsje)