SC Hearrenfean hâldt op mei frouljusfuotbal

26 apr 2019 - 18:06

It frouljusteam fan SC Hearrenfean bestiet feitlik net mear. De stichting wurdt likwidearre en der binne gjin konkrete ôfspraken mei de profklup SC Hearrenfean. Der wurdt al jierren praten oer mear yntegraasje mei SC Hearrenfean mar ek dit jier liket der gjin oerienstimming te kommen.

Argyffoto mei Tiny Hoekstra en Fenna Kalma - Foto: www.orange-pictures.nl

De stichting hat earder in brânbrief stjoerd oan de klup omdat sy witte wolle wêr't sy oan ta binne, mar ek dat hat neat opsmiten. Foarsitter Froukje Hofma hat freed de spylsters ynformearre.

Freedtejûn spylje de froulju noch wol in thúswedstriid tsjin Exelcior Barendrecht. Hoe't it fierder komt mei de froulju is net dúdlik. Foarsitter Hofma is swier teloarsteld oer de gong fan saken. Der hawwe ferskate petearen west mei de nije direkteur Cees Roozemond mar as it om it jild giet komme de partijen der net út. Yn de stichting sitte in soad skulden en neffens Froukje Hofma is is net ferantwurde om op dizze wize troch te gean.

"Gefaar foar manljuslisinsje"

Om it frouljusteam draaiende te hâlden is 400.000 euro yn it jier nedich. SC Hearrenfeandirekteur Cees Roozenmond seit yn in reaksje dat hy skrokken is fan de finansjele sitewaasje fan de stichting. Om dy reden wol SC Hearrenfean gjin bydrage mear jaan oan it frouljusfuotbal. Ek wol de klup it frouljusfuotbal net opnimme yn de organisaasje want dat kin ek de lisinsje fan de manlju yn gefaar bringe as der problemen komme.

SC Hearrenfean hat in begrutting fan 16 miljoen euro. Om it frouljusfuotbal foar Hearrenfean te behâlden moat der in nije stichting komme. De kontrakten fan de spylsters binne troch de likwidaasje neat mear wurdich.

SC Hearrenfean jout oan dat se as sponsor noch wol mei de Gemeente Hearrenfean en de KNVB sjen wolle nei de mooglikheden foar it frouljusfuotbal op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)