Formaasje Deputearre Steaten duorret wol oant juny

26 apr 2019 - 17:49

It kin wol ein juny wurde foardat der in nij kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân is. Dat seit formateur Evelien Blaauw nei de earste wike wêryn't de fjouwer partijen CDA, VVD, FNP en PvdA ynhâldlik mei elkoar sprutsen ha.

De kommende wiken prate se oer tema's as kultuer, taal, ferkear en ferfier, ekonomy, de libbensomjouwing en natuer en lânskip. Formateur Evelien Blaauw hat in saneamde 'haadtafel' ynrjochte, dy't tsjinst docht as koördinaasjepunt.

Yn de ôfrûne earste wike fan de formaasje ha de partijen noch net yngreven oer de ynhâld sprutsen. Dat moat de kommende wiken syn beslach krije. Fjouwer jier lyn waard it kolleezje fan Deputearre Steaten op 20 maaie presintearre. Dy datum lykje se dit jier dus net te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)