Jordy van Deelen striidt al sân moannen foar rentree by Cambuur

26 apr 2019 - 17:42

28 septimber 2018 giet foar SC Cambuur-spiler Jordy van Deelen de boeken yn as in swarte dei yn syn karriêre. Op dy dei spylje de Ljouwerters thús tsjin Roda JC. Nei de wedstriid docht bliken dat Van Deelen syn efterste krúsbân ôfskuord hat en dat wylst er de wedstriid noch wol útspile hat. No, sân moannen letter, hat hy noch hieltyd gjin wedstriid wer spile.

De blessuere hat Van Deelen drege mominten besoarge. Benammen krekt nei de fatale wedstriid tsjin Roda JC. "In het begin is het heel eenzaam. Ik kon bijna niets doen, want ik zat in een brace de eerste zes weken", fertelt de fuotballer, dy't 25 jier lyn berne waard yn Zwijndrecht. "Op een gegeven moment zie je de muren op je afkomen. Dan wil je naar buiten, ook al is het slecht weer, regent het en stormt het."

Abonnemint

Mar, dy perioade is foarby. Moannenlang al, is Van Deelen dwaande om wer fit te wurden en dat docht hy tegearre mei fysioterapeut Emile Rozendal fan Fysiotherapie Leeuwarden. Hy hat respekt foar de wei dy't Van Deelen ôflein hat. "Het is een mentaal sterke jongen, dat zie je ook in het veld. Het is een jongen die altijd gaat. Hij pakt het heel snel weer op en dat is wat ik waardeer aan Jordy", sa seit Rozendal.

Fjouwer kear yn 'e wike komt de Cambuur-spiler nei de praktyk yn Ljouwert om dêr te wurkjen mei Rozendal. "Ik heb een aardig abonnementje aangeschaft hier", laket Van Deelen. "Ik kende Emile al wat langer. Gelukkig hebben we een goede band. Het vertrouwen is er ook. Dat is alleen maar goed, het is fijn dat je hier kunt komen en goed kunt samenwerken."

Jordy van Deelen kaam yn 2016 nei Ljouwert. Dêrfoar spile hy by Feyenoord, Excelsior, FC Dordrecht en FC Emmen. Dit is it tredde seizoen fan Van Deelen by Cambuur. Hy is ien fan de spilers dy't ek takom jier ûnder kontrakt stiet yn it Cambuur Stadion. Dat betsjut dat hy yn juny, ûnder de nije coach Henk de Jong, úteinset oan syn fjirde jier yn it giel-blau.

Fysioterapeut Emile Rozendal mei Cambuur-spiler Jordy van Deelen - Foto: Omrop Fryslân

Het was een lekker gevoel en een bijzondere week.

Jordy van Deelen koe dizze wike foar it earst wer alles mei de groep meidwaan

Eangstich

Dizze wike krige de ferdigener goed nijs út it sikehûs wei. Hy krige tastimming om wer folslein mei de groep mei te trainen. De lêste kear dat Van Deelen alles mei syn ploechgenoaten meidwaan koe, wie op tongersdei 27 septimber 2018. "Het was een lekker gevoel en een bijzondere week. Ik kan weer volledig alles doen en dat is mooi."

Earder mocht de âld-spiler fan ûnder oaren Feyenoord wol bepaalde parten fan de training mei de seleksje meidwaan. Dochs wie er yn it begjin noch wol ris eangstich. "Vooral de eerste paar trainingen, als je dan een rondo of een pass-en-trap-oefening meedoet en je voelt wat. Maar dat hoort erbij, die momentjes. Dat heeft de arts ook gezegd. De knie is goed, dus er kan niets meer fout gaan eigenlijk. Je moet je er overheen zetten en vertrouwen winnen. Dat krijg je door veel te herhalen en te trainen. Dus dat gaan we de komende periode doen."

Foto: Omrop Fryslân

Grutte fraach is no wannear't Van Deelen ek wer wedstriidminuten meitsje kin. Sels hopet er dit seizoen noch spylje te kinnen, bygelyks as Cambuur de heale finales of de finales fan de play-offs hellet. Neffens fysioterapeut Rozendal is dat net ferstannich. "Ik denk dat zijn knie het aankan. Mentaal kan 'ie het ook aan. Maar de kans op spierblessures is ook weer groter. Dus wij hebben ons gericht op volgend seizoen."

En dus is it noch net hielendal wis oft René Hake, trainer fan de Ljouwerters, dit seizoen noch in berop op Van Deelen dwaan kin. De coach wol der yn alle gefallen net te folle druk op lizze om him spylje te litten. Hake: "Ik vind dat je dat niet moet doen. Zeker bij zo'n blessure niet. Je moet op een goede manier voorzichtig zijn. Maar als de mogelijkheid er is, gaan we het wel doen. Maar dan is ook wel duidelijk dat het echt verantwoord is."

SC Cambuur spilet freedtejûn de ien-nei-lêste kompetysjewedstriid, thús tsjin MVV Maastricht. Mooglik kinne de Ljouwerters harren dan al pleatse foar de play-offs om promoasje nei de earedifyzje. Dêr by is Cambuur allinne ek ôfhinklik fan de oare útslaggen. Nije wike stiet der noch in útwedstriid pland tsjin FC Twente, dat al kampioen is fan de earste difyzje. De play-offs binne dêrnei.

(advertinsje)
(advertinsje)