NVWA-ynspekteur delslein troch eigener slachterij Drachten

26 apr 2019 - 17:31

In meiwurker fan de NVWA is freedtemoarn delslein troch de eigener fan in slachterij yn Drachten. De frou wie dêr as arts oan it wurk om it fee te keuren. De fertochte is oanhâlden, en sit fêst.

Foto: ANP

Neffens de plysje rûn de saak út de hân by de keuring fan in ko. De eigener fan it slachthûs krige wurden mei de froulike diere-arts, hjirby soe er de dokter slein hawwe. It slachtoffer is ferwûne rekke oan de holle.

Om't it om in amtner yn funksje giet, nimt de plysje de saak heech op, en is de fertochte meinaam nei it buro.

De NVWA lit witte dat Abattoir Drachten foarearst net slachtsje mei. It bedriuw is stillein oant der in petear west hat tusken de NVWA en it bedriuw. It is net dúdlik wannear't dit petear krekt barre sil.

Trefwurden: 
Drachten NVWA slachterij
(advertinsje)
(advertinsje)