FIDEO: Fan 38 oant 86, de lintsjerein yn byld

26 apr 2019 - 17:20

In grut ferskaat oan minsken hat freed in keninklike ûnderskieding krigen foar harren bydrage oan de mienskip. Wy wiene by de útrikking fan de lintsjes oan de âldste en de jongste ûntfanger.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Jan Stienstra is mei syn 86 jier de âldste Fries dy't freed in lintsje krige. Hy wie jierrenlang frijwilliger, foarsitter en bestjoerslid fan Sportklup Koatstertille. Dêrneist wie Stienstra in belutsen alvetallieder en behearder fan it kluphûs fan de fuotbalferiening. Ek hat hy helpkoster fan de Gereformeerde Kerk west en stiper fan buorlju.

Melle Lourens van der Heide (38) út Harns is de jongste persoan dy't de keninklike eare krige. Hy sit al sûnt 1999 yn ferskate funksjes by in scoutinggroep. Under syn lieding hat de scoutingôfdieling foar beheinde minsken wer nij ljocht sjoen. Ek is hy belutsen by it oprjochtsjen fan in WhatsApp-groep foar feiligens yn de wyk.

(advertinsje)
(advertinsje)