Grinzer oanholden foar smiten mei fjoerwurk nei supporters SC Hearrenfean

26 apr 2019 - 16:56

De plysje hat in 21-jierrige Grinzer oanholden foar it smiten mei fjoerwurk ûnder de derby tusken SC Hearrenfean en FC Grins, twa wiken lyn. Dat skriuwt RTV Noord. It stik fjoerwurk waard út it fak mei de Grinssupporters wei nei in thúsfak smiten. In supporter fan Hearrenfean rekke dêrtroch ferwûne.

It supportersfak fan FC Grins by de lêste derby - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei in analyze fan fideobylden en troch tsjûgeferklearringen kaam de plysje op it spoar fan de Grinzer. It Iepenbier Ministearje moat beslute oft de man strafrjochtlik ferfolge wurdt.

It fjoerwurkynsidint soarge derfoar dat de derby hast staakt waard. Skiedsrjochter Bas Nijhuis liet omroppe dat er it duel stillizze soe, as it noch in kear barde.

Gjin frij ferfier mear

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean hat yntusken besletten dat supporters fan FC Grins tenei net mear mei eigen ferfier nei de derby reizgje meie.

FC Grins sjocht noch nei maatregels om sokke ynsidinten yn de takomst foar te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)